donderdag 24 september 2009

Oftelle yn it Frysk

Fia Facebook krige ik fan Otto de Voogd it fersyk om syn countdown klok oer te setten yn it Frysk en dat woe ik natuerlik graach dwaan.
It is no dus mooglik om in countdown klok op dyn webstee te pleatsen (mei Firefox reklame) yn it Frysk. De koade kinst meitsje litte op www.7is7.com wêr'st kieze kinst foar it Frysk (of ien fan de oare 44 talen.
In foarbyld stiet hjirûnder:

woensdag 23 september 2009

Thunderbird 3 Beta 4 Preview Release

Thunderbird 3 Beta 4 is no beskikber om yn te laden yn ûnder oaren it Frysk. Dizze testferzje is bedoeld om de basisfunksjonaliteiten fan de nije ûnderdielen dy't yn Thunderbird 3 komme te testen.

Nije kenmerken en wizigings yn dizze testferzje dy't feedback nedich hawwe binne:Lês asjobleaft de útjefte-opmerkings foar mear ynformaasje oer dizze útjefte ynklusyf bekende problemen foardat jo it ynlade.

Thunderbird 3 Beta 4 kin ynladen wurde foar Windows, Mac OS X, en Linux yn 43 ferskate talen. Meitsje altyd in reservekopy fan jo gegevens as jo mei jo aktuele ynstellings wurkje bliuwe wolle! Let op, de measte tafoegings sille net wurkje yn dizze ferzje.
Wolle jo gewoan efkes sjen en/of teste, meitsje dan in nij profyl oan.