woensdag 14 mei 2014

Firefox foar Android yn it Frysk

Bug 917480 is krektlyn oanmakke yn mozilla-central en sil ynkoarten ferskine yn de folgjende Nightly. Dit stikje wurk jout ynstelmooglikheden om in oare taal te selektearjen yn Firefox foar Android.
Animation of locale switching demonstration
As alles goed giet yn de kommende wiken, sil Firefox 32 jo de mooglikheid jaan om te kiezen út de no 49 beskikbere talen sûnder jo browser opnij te starten en dus ûnôfhinklik fan de stipe talen fan Android-apparaat.
Mear details stean yn dit artikel 
Omdat it Frysk net stipe wurdt troch Google op Android is de oersetting oant no ta net bywurke sa as te sjen is op https://l10n.mozilla.org/teams/fy-NL#fennec. Ik sil de kommende tiid de oersetting wer bywurkje sadat hooplik mei Firefox 32 in Fryske ferzje fan Firefox foar Android beskikber komt.
Ik bin hiel bliid dat troch de kommunikaasje mei de ferantwurdlike Mozilla-meiwurkers troch my en oare oersetters fan minderheidstalen dit mooglik makke wurdt. Daliks is de kolleksje kompleet, in browser foar Windows, Linux en MacOS, in browser foar Android-apparaten, byg. telefoans en tablets en in telefoan mei Firefox OS, allegear yn it Frysk! Besjoch oerigens ris de website http://www.mozilla.org/fy-NL/firefox/os/, in moai foarbyld fan it hjoeddeistige website-ûntwerp.

dinsdag 6 mei 2014

Frysk standert oanwêzich op Firefox OS 1.4 en heger

Mozilla wurket hurd oan it nije bestjoeringssysteem Firefox OS foar mobile apparaten, lykas telefoans en tablets. Ien fan de ûnderdielen dêrfan is it stypjen fan sa folle mooglik beskikbere talen. Yn it begjin wie it swier om mear talen mei te leverjen, want mei mear as 10 talen op in apparaat waard it traach. Foar in goede brûkersûnderfining waard doe besletten om net te folle talen yn it foar te ynstallearjen. Ûnder oaren troch de diskusje, dy't ik foarich jier op de Mozilla Summit yn Brussel hie mei de ûntwikkelers, is der ek in protte tiid stutsen yn it mooglik meitsjen fan mear talen foar Firefox OS.

En no is it safier! Op http://hg.mozilla.org/releases/gaia-l10n/v1_4/ is al in hiele list te finen mei talen dy't op Firefox OS beskikber binne. It wie al mooglik om mei de Firefox OS Simulator it Frysk yn it foar te besjen, mar no is it dus ek mooglik om myn Keon fan Geeksphone standert mei it lêste "image" te flashen en dan de taal op Frysk te setten. De taalkar liket hielendal gjin ynfloed te hawwen op de faasje fan de telefoan, it reagearret rap, sels op de Keon dat mar in low-end-apparaat is. Al mei al in moaie ûntwikkeling. No wurdt it tiid om by te wurkje en taal- en typflaters der út te heljen.

Hjirûnder in pear skermôfbyldingen fan de Fryske Firefox OS.
Wy moatte noch wol wat geduld hawwe eardat telefoans mei Firefox OS beskikber komme yn Nederlân. Mozilla rjochtet de útrol yn earsten op de saneamde opkommende merken. Dêrneist bliuwt it ek noch in kar oft in provider it Frysk mei leveret.