dinsdag 28 juli 2009

Almost 1 billion, only 5 million to go

As you can see on spreadfirefox there are almost 1 billion downloads for Firefox. Still just a few 5 million to go and we can start celebrating.
Start shooting your worldwonder photos, because it will only take a few days from now.

donderdag 23 juli 2009

"Sharing is the nature of creation"

There was a great documentary on TV in The Netherlands yesterday, which I think anyone in the Open Source community will like and definitely should take a look at. It's called "RiP! A Remix Manifesto" and is all about intellectual property.

One line which really hit me was from Gilberto Gill, musician and politician:

"Sharing is the nature of creation"

More on this you can find on www.opensourcecinema.org.

Chapter 12 is included here below, but there are 12 more, check it out.







video platform
video management
video solutions
free video player

woensdag 22 juli 2009

Nije Thunderbird 3 bèta 3

Thunderbird 3 Beta 3 is no beskikber om yn te laden yn ûnder oaren it Frysk. Dizze testferzje is bedoeld om de basisfunksjonaliteiten fan de nije ûnderdielen dy't yn Thunderbird 3 komme te testen. Foar mear ynformaasje kinne jo dit blog (EN) lêze.

Nije kenmerken en wizigings yn dizze testferzje dy't feedback nedich hawwe binne:Lês asjobleaft de útjefte-opmerkings foar mear ynformaasje oer dizze útjefte ynklusyf bekende problemen foardat jo it ynlade.

Thunderbird 3 Beta 3 kin ynladen wurde foar Windows, Mac OS X, en Linux yn 43 ferskate talen. Meitsje altyd in reservekopy fan jo gegevens as jo mei jo aktuele ynstellings wurkje bliuwe wolle! Let op, de measte tafoegings sille net wurkje yn dizze ferzje.
Wolle jo gewoan efkes sjen en/of testen, meitsje dan in nij profyl oan.

dinsdag 30 juni 2009

Firefox 3.5 foaral flugger

Firefox 3.5 hat gâns in list oan ferbetterings en wiist foaral op de hegere faasje wêrmei't websides laden wurde.

Nij is ûnder oaren it privee sneupe. Ienkear ynskeakele wurdt troch de browser neat bewarre lykas besochte sides of op de kompjûter bewarre lykas cookies. Tagelyk is it simpel om in webstee út de skiednis te heljen of om de skiednis fan de lêste oeren te wiskjen.

Om de faasje klam te jaan hat Mozilla in oantal fideo's online set mei de fluchste klapper en bekerkesstapelaar. Dizze fideo's wurde toand yn it nije iepen fideo-formaat ogg, hokker Firefox stipet; dêr binne dus gjin ekstra ynstekkers foar nedich.

In handige tafoeging is Lokaasjebewust sneupe. Websteeën kinne mei de lokaasjebepaling doelfêst ynformaasje oanbiede. Tapassings binne routeplanning, winkels yn de buert of bettere sykresultaten. Uteraard wurdt de privacy garandearre en wurde de gegevens allinnich dield nei útdruklike tastimming fan de brûker.

Firefox is mei de nije ferzje beskikber yn it Frysk, Nederlânsk en yn 73 oare talen. Neist Windows wurket de browser op Linux en MacOS. De hege mate fan oanpasberheid makket dat elkenien Firefox folslein nei eigen hân ynstelle kin.

De marketingkampanje draait no al op folle toeren. Sa binne der ûnder oaren in ûntwerpwedstriid, feestjes, Fastest Firefox en Firefox yn 35 dagen. In oar inisjatyf is de Mozilla Service-wike yn septimber. Frijwilligers kinne hjirby harren technyske kennis brûke om non-profit organisaasjes of âlderein te helpen mei ynternet. Foarbylden binne it ynstallearjen fan triedleaze tagong, fernijen fan in webstee of útlis oer it web oan âlderein.

maandag 29 juni 2009

Nije Firefox 3.5 tiisdei 30 juni beskikber

Mozilla hat oanjûn dat moarn de nijste ferzje fan Firefox útkomt. Earst soe dizze ferzje al begjin dit jier útkomme mei it nûmer 3.1. Troch ferskate problemen mei de nije Tracemonkey en it ûndertusken tafoegjen fan mear mooglikheden is it no ferzje 3.5 wurden.
Stipe foar html5 foar it ôfspyljen fan fideo en lûd sûnder ynstekkers en privee sneupe wêrtroch gjin skiednis bewarre wurdt binne belangrike fernijings. Fierders is Firefox flugger wurden.

donderdag 25 juni 2009

Firefox 3.5 Release Candidate beskikber

Sûnt dizze wike binne der saneamde Release Candidates beskikber fan Firefox 3.5. Dit binne de lêste testferzjes foardat de definitive ferzje 3.5 útkomt. Warskienlik komt 3.5 tiisdei 30 juny út.
De RC kinst ynlade fanôf: www.mozilla.com

woensdag 24 juni 2009

Binne jo de fluchste?

Binne jo fluch yn ien oft oare keunst?
En wolle jo dat sjen litte oan Mozilla en de wrâld?
Meitsje dan in fideo en stjoer dy nei Mozilla.
Mear ynformaasje kinne jo hjir fine:
http://fy-nl.www.mozilla.com/fy-NL/firefox/fastest/