woensdag 13 mei 2009

Personas no ek yn it Frsyk

Ien fan de Tafoegings dy't troch Mozilla sels makke is en dy't ik sels al in hiele tiid brûk, mei bygelyks de foto fan myn dochter, is no ek yn it Frysk beskikber. Sûnt ferzje 1.1 is de Fryske oersetting, makke fia babelzilla.org, meinaam by de ynstallaasje.

Mei Personas kinst it uterlik fan Firefox oanpasse sûnder in tema te ynstallearjen. It giet hjir dan ek allinnich om de boppeste balke wêr't de ikoantsjes steane en de blêdwizers en om de ûnderkant mei de steatbalke en sykbalke. Op it webstee getpersonas steane al in hiel protte moaie ôfbyldings wêrmei'st Firefox oanklaaie kinst. Sels haw ik earder al melding makke fan de Fryske flagge, mar der binne al mear mei in Frysk tintsje lykas Praatmarfrysk

en FROEKS.TV.


It meitsjen fan sa'n ôfbylding kinst hiel maklik sels dwaan ast in bytsje omgean kinst mei Photoshop of Gimp. Foar de boppekant jild dat de ôfbylding 3000x200 piksels grut wêze moat. Hâld der rekkening mei dat de rjochterkant fan de ôfbylding hielltyd yn byld bliuwt ast it Firefox skerm lytser of grutter makkest. De grutte fan de ûnderkant moat 300x100 piksels wêze en hjir bliuwt de linkerkant hieltyd yn byld. Wolst it letter oplade nij getpersonas.com, dan mei de bestânsgrutte net mear wêze as 300kb.