woensdag 8 april 2009

Personas foar Firefox

Earder haw ik al ris skreaun oer Personas en doe hie ik in ôfbylding brûkt fan de Fryske flagge. No't de tafoeging ferzje 1.0 krigen hat is it bètastadium foarby en is der no ek in krease webstee makke mei in hiele protte ûntwerpen om dyn Firefox mei oan te klaaien.
As de tafoeging ynstallearre is yn Firefox en do besikest de Galery, dan kinst dyn Firefox oanpasse oan dyn eigen winsk. Tusken de no al hûnderten ûntwerpen stiet no ek ús Fryske flagge. Troch mei de mûs oer "Wear this" te gean, krijst al in foarbyld fan de ôfbylding yn de boppekant. Troch te klikken wurdt de Personas daliks brûkt.

Elkenien kin eigen ûntwerpen oandrage, en dy wurde dan nei in pear dagen online setten troch it team fan Personas, sadat elkenien oer de hiele wrâld it ûntwerp brûke kin.

Geen opmerkingen: