woensdag 10 maart 2010

Browserkarskerm

De kommende tiid sille brûkers fan in kompjûter mei Windows as bestjoeringssysteem en Internet Explorer as standert browser fia de automatyske fernijings fan Windows in skerm foar har noas krije, wêryn't se frege wurdt om in kar te meitsjen foar in browser. Dit is it gefolch fan de saak dy't Opera starten is by de Europeeske Kommisje tsjin de bondeling fan de browser (IE) yn it bestjoeringssysteem en it ferneamde misbrûk fan de monopoaljeposysje.
Uteraard hat Mozilla hjir ek belang by en binne se drok dwaande om minsken te ynformearjen oer hoe't se in kar meitsje kinne. Ien fan de sides wêr't brûkers op komme as se kieze foar Firefox is de side browserchoice.mozilla.com.
De brûkte taal is ôfhinklik fan de ynstellings fan de kompjûter dy't brûkt wurdt. Ast faker automatysk Fryske sides sjen wolst is it tûk om de taal fan Windows yn te stellen op Frysk. Yn Windows XP(fanôf sp3) kin dat fia Start->Configuratiescherm->Landinstellingen en dan yn de list Fries (Nederland) selektearje.
Spread Firefox Affiliate Button
Fierders binne der 4 buttons makke krekt as hjirboppe dy't op it in webside pleatst wurde kinne om jo te attendearjen dat jo in kar hawwe.
En hoe kinne jo in kar meitsje? Dat is te lêzen op opentochoice.org, in webstee dy't ynkoarten ek yn it Frysk en Nederlânsk ferskine sil. Letter mear hjiroer.......