donderdag 21 januari 2010

Firefox 3.6


Tongersdei 21 jannewaris is de útjeftedei fan de nijste ferzje fan Firefox 3.6. Natuerlik wer letter as dat de planning wie, mar de kwaliteit bliuwt belangryk.
Wat is der nij yn dizze ferzje:
  • Personas: om it úterlik fan Firefox nei eigen sin te feroarjen, selektearje dan nije tema's mei de namme “Personas” troch ien klik en sûnder op 'e nij op te starten
  • Ynstekker fernije: om jo te befeiligjen tsjin potinsjele feilichheids-kwetsberens, ynformearret Firefox jo no oer âlde ynstekkers, bygelyks Flash
  • Stabiliteitsferbetterings: yn Firefox 3.6, bin it tal software-ûngelokken lytser wurden troch dat software fan oaren op in oare manier Firefox gearwurkje
  • Formulier oanfolling: as jo online in formulier ynfolje, sil Firefox ynformaasje foar fjilden foarstelle basearre op jo algemiene antwurden yn deselde fjilden
Wat is der ferbettere:
  • flugger opstarte
  • flugger iepenje fan ljepblêden
  • flugger resultaten út de bjusterbaarlike balke
  • Fideo yn it iepen ogg-formaat kin no ôfspile wurde yn folslein skerm

In oersicht fan de fernijjings is te sjen yn in fideo op mozilla.com.

woensdag 20 januari 2010

Earste fernijing Thunderbird.

Seis wiken nei it útkommen fan Thunderbird 3.0, is der no de earste fernijing, 3.0.1. Neist in tal technyske ferbetterings wienen wy ek yn steat om lytse taalflaters, dy't trochjûn wienen troch brûkers, te ferbetterjen. Sa sieten der bygelyks yn de Help -> Migraasje-assistint in pear grutte flaters en wienen "van" en "aan" yn de berjochtkop net oerset nei it Frysk.
Wolle jo dizze fernijing ek krije, klik dan op "Help" en dan "Kontrolearje op fernijings...". Oerigens sil dit normaal al barre op 'e eftergrûn. Hawwe jo noch ferzje 2, dan kinne jo de lêste ferzje ynlade fanôf mozillamessaging.com.