donderdag 19 januari 2012

RSS-feed Omrop Fryslân yn Firefox

De lêste tiid foel my al op dat ferskate artikels dy't yn it RSS-feed fan Omrop Fryslân steane net mear de korrekte URL hienen. Sa waard yn artikels mei in '-teken fêst trochferbûn nei it lêste artikel yn stee fan it oanklikte artikel.

Dêrom mar ris kontakt opnommen mei Omrop Fryslân. Nei wat ûndersyk die bliken dat it standert RSS-feed dy't no yn Firefox ynboud is net mear goed is. Mei it fernijen fan it webstee is ek de lokaasje wizige fan it feed. Eartiids wie de URL foar de feed http://rss.omropfryslan.nl/, dat is no wizige yn http://omropfryslan.nl/rss.

Hawwe jo de Fryske Firefox, dêr't standert it feed fan Omrop Fryslân yn sit, wizigje dan efkes it feed. Dat kin troch de keppeling nei http://omropfryslan.nl/rss te folgjen en dan No abonnearje te selektearjen. De âlde kinne jo fuortsmite troch der mei de rjochtermûsknop op te klikken en dan Fuortsmite. Ik haw ek probearre om dit te wizigjen fia Eigenskippen, mar dat slagget my net. Dat fyn ik sels in bytsje frjemd omdat it liket dat dat wol mooglik is. Ik koe de tekst wol wizigje mar as ik dan op 'e nij de eigenskippen opfreegje is der neat wizige. As jo oare ûnderfining hawwe dan hear ik dat graach.
Oerigens sil de omrop de âlde letter trochferwize litte nij de nije, sadat elkenien wer in goed gefoel krije kin mei it gebrûk fan it feed yn Firefox.