dinsdag 19 april 2011

Aksje fan Praat Mar Frysk mei Firefox

Moandeitemoarn bin ik tegearre mei Praat Mar Frysk in aksje begûn om de Fryske Firefox bekender te meitsjen. Foar Praat Mar Frysk haw ik in skoft lyn al ris in saneamde Persona makke, dy't brûkt wurde kin om Mozilla Firefox oan te klaaien mei it logo fan Praat Mar Frysk.
It blogartikel stiet op it webstee fan Praat Mar Frysk en in wiidweidiger artikel stiet op mozbrowser.nl. Dyjinge dy´t meidwaan wol, moat in skermôfbylding fan de Fryske Firefox mei it Praat Mar Frysk-Persona opstjoere nei praatmarfrysk at gmail.com. In protte súkses!