dinsdag 30 juni 2009

Firefox 3.5 foaral flugger

Firefox 3.5 hat gâns in list oan ferbetterings en wiist foaral op de hegere faasje wêrmei't websides laden wurde.

Nij is ûnder oaren it privee sneupe. Ienkear ynskeakele wurdt troch de browser neat bewarre lykas besochte sides of op de kompjûter bewarre lykas cookies. Tagelyk is it simpel om in webstee út de skiednis te heljen of om de skiednis fan de lêste oeren te wiskjen.

Om de faasje klam te jaan hat Mozilla in oantal fideo's online set mei de fluchste klapper en bekerkesstapelaar. Dizze fideo's wurde toand yn it nije iepen fideo-formaat ogg, hokker Firefox stipet; dêr binne dus gjin ekstra ynstekkers foar nedich.

In handige tafoeging is Lokaasjebewust sneupe. Websteeën kinne mei de lokaasjebepaling doelfêst ynformaasje oanbiede. Tapassings binne routeplanning, winkels yn de buert of bettere sykresultaten. Uteraard wurdt de privacy garandearre en wurde de gegevens allinnich dield nei útdruklike tastimming fan de brûker.

Firefox is mei de nije ferzje beskikber yn it Frysk, Nederlânsk en yn 73 oare talen. Neist Windows wurket de browser op Linux en MacOS. De hege mate fan oanpasberheid makket dat elkenien Firefox folslein nei eigen hân ynstelle kin.

De marketingkampanje draait no al op folle toeren. Sa binne der ûnder oaren in ûntwerpwedstriid, feestjes, Fastest Firefox en Firefox yn 35 dagen. In oar inisjatyf is de Mozilla Service-wike yn septimber. Frijwilligers kinne hjirby harren technyske kennis brûke om non-profit organisaasjes of âlderein te helpen mei ynternet. Foarbylden binne it ynstallearjen fan triedleaze tagong, fernijen fan in webstee of útlis oer it web oan âlderein.

maandag 29 juni 2009

Nije Firefox 3.5 tiisdei 30 juni beskikber

Mozilla hat oanjûn dat moarn de nijste ferzje fan Firefox útkomt. Earst soe dizze ferzje al begjin dit jier útkomme mei it nûmer 3.1. Troch ferskate problemen mei de nije Tracemonkey en it ûndertusken tafoegjen fan mear mooglikheden is it no ferzje 3.5 wurden.
Stipe foar html5 foar it ôfspyljen fan fideo en lûd sûnder ynstekkers en privee sneupe wêrtroch gjin skiednis bewarre wurdt binne belangrike fernijings. Fierders is Firefox flugger wurden.

donderdag 25 juni 2009

Firefox 3.5 Release Candidate beskikber

Sûnt dizze wike binne der saneamde Release Candidates beskikber fan Firefox 3.5. Dit binne de lêste testferzjes foardat de definitive ferzje 3.5 útkomt. Warskienlik komt 3.5 tiisdei 30 juny út.
De RC kinst ynlade fanôf: www.mozilla.com

woensdag 24 juni 2009

Binne jo de fluchste?

Binne jo fluch yn ien oft oare keunst?
En wolle jo dat sjen litte oan Mozilla en de wrâld?
Meitsje dan in fideo en stjoer dy nei Mozilla.
Mear ynformaasje kinne jo hjir fine:
http://fy-nl.www.mozilla.com/fy-NL/firefox/fastest/

dinsdag 16 juni 2009

Mozilla Servicewike

Hjoed hat Mozilla in nije website lansearre: serviceweek.mozilla.org.
Op dizze website wurde frijwilligers frege om harren (technyske) kennis te brûken om it libben fan oaren better te meitsjen fia it ynternet. It wurk dat útfierd wurde kin foar non-profit of publike organisaasjes of persoanen is bygelyks help by it meitsjen of bywurkjen fan in website, it ynstallearjen fan triedleas ynternettagong of it helpen fan de âlderein om op it web om te sneupen. Dit alles sil plakfine fan 14 oant 21 septimber.
Spread Firefox Affiliate Button

Op de website kinst dy oanmelde as frijwilliger, mar kinst ek in oanfraach dwaan foar help. Hast do ûnderfining mei it ynternet, meld dy dan oan en help mei om it ynternet tagonklik en bjusterbaarlik te meitsjen!
Help nedich? Meld dy dan ek oan, mar in reaksje op dit berjocht mei ek.