vrijdag 27 februari 2009

Earste Fryske testferzje Thunderbird

It is safier, nei moannen hurd wurkjen oan de oersetting is der no einlik de earste offisjele Fryske Thunderbird 3. It programma is noch yn it bètastadium, mar elkenien kin no al besjen hoe't it wurket.
Wy binne tige bliid mei it resultaat en hoopje dat in protte minsken Thunderbird 3 brûke sille yn it Frysk as it ien kear folslein klear is. De definitive ferzje stiet plant foar foar de simmer. Wy hoopje dat dat slagget, want tsjin dy tiid komt ek de nije ferzje Firefox 3.1 út.



Yn elts gefal ha se in moaie nije webstee makke foar Thunderbird.

woensdag 25 februari 2009

MozCamp yn Utert

Freed 6 maart wurd yn Utert de earste gearkomst hâlden yn in reeks troch hiel Europa. MozCamp is in searje fan lokaal organisearre barrens fan minsken dy't mei passy dwaande binne en reitsje oer it Iepen Web. It is de bedoeling dat de MozCamp-gearkomsten romte biede foar diskusje, demonstraasjes en it tegaar betinken en útfieren fan aktiviteiten om it iepen en gearwurkjende karakter fan it ynternet te behâlden.

Yn Utert sille ferskate leden fan it Mozilla-projekt oanwêzich wêze, ûnder oaren Tristan Nitot. De Frânsman is oprjochter en foarsitter fan Mozilla Europe.

De folgjende partijen hawwe sich ferbûn oan de organisaasje fan 'MozCamp Utrecht': Internet Society Nederland (ISOC), de NLUUG, de Nederlânske Linuxbrûkersgroep (NLLGG) en it programmabureau NOiV.

As it yn it programma past, dan sil ik der ek noch in praatsje hâlde oer myn wurk foar Mozilla.

Mear ynformaasje oer MozCamp Utrecht op MozCamp/Utrecht

woensdag 4 februari 2009

Firefox banners

Mozilla is al in tiid dwaande om Firefox bekend te meitsjen by it grutte publyk. Dêrfoar ha se ûnder oare it webstee www.spreadfirefox.com opset. It is hielendal yn de gedachte fan Mozilla dat elkenien meiwurkje kin oan de fersprieding fan Firefox. Elkenien kin ideeën opjaan foar aktiviteiten en aksjes.

Ien derfan is it gebrûk fan banners op in webstee. Foarbylden binne te finen op http://www.spreadfirefox.com/affiliates/homepage. Ferline wike bin ik oan de slach west om de Fryske ferzje te meitsjen en it resultaat is no te finen op http://www.spreadfirefox.com/affiliates/homepage?category=27&locale=49#getbuttons.

Dus wolle jo meihelpe om Firefox bekender te meitsje en dan ek noch yn it Frysk, kies dan in banner út en pleats it op jo webstee. Hjirûnder in foarbyld:
Spreadfirefox Affiliate Button