woensdag 25 november 2009

Thunderbird 3.0 Release Candidate 1 beskikber

3 builds wienen der foar nedich om de earste Release Candidate fan Thunderbird 3.0 ree te meitsjen. Fanôf hjoed is Thunderbird 3.0 RC 1 beskikber om yn te laden fan de webside Mozillamessaging. Neist it Frysk is Thunderbird yn nochris 48 talen.
Release Candidates binne bedoeld om de nije ûnderdielen en wizigings fan Thunderbird 3.0 te testen. Nije ûnderdielen binne û.o.:

  • nije sykmetoade (Gloda Search)

  • e-mail yn ljepblêden

  • berjochtargivearing

  • nije account ynstelhelper

De ferbetterings foar ûntwikkelers kinne jo hjir neilêze (Ingelsk).

Minsken dy't graach teste wolle kinne de Release Candidate ynlade en ynstallearje. Alhoewol ik sels al in tiid mei súkses Thunderbird 3.0 brûk, rêt ik elkenien oan, as jo al Thunderbird brûke, om te testen mei in nij profyl, sadat jo besteande e-mail net ferlern gean kin. Dogge jo dat wol, meitsje dan in reservekopy fan jo profyl en hâld der rekkening mei dat ferskate tafoegings noch net kompatibel binne.
De byhearrende Lightning tafoeging foar aginda's en taken kinst ynlade fanôf Mozilla's FTP.

woensdag 18 november 2009

Thunderbird 3.0 Release Candidate 1 wurdt makke

Op dit stuit wurdt der hurd wurke om de earste Release Candidate fan Thunderbird 3.0 klear te krijen. In protte fan de 49 talen binne al klear wêrûnder it Frysk.
De earste tests jouwe in goed resultaat. Wol kaam ik noch in dinkje tsjin dy't ik net leuk fûn. Ast op it pop-up finster klikst as der in nije e-mail komt, dan wizigt it byld yn de linkerkolom nei "Tûke mappen" yn stee fan Byld->Mappen->Alles. Dêr haw ik in opmerking oe makke yn in bug.

maandag 9 november 2009

Firefox 5 jier!


Hjoed is it safier: Firefox is 5 jier wurden. De Fryske ferzje fan Firefox is der noch net sa lang, die wie der foarearst yn oktober 2006, dus no ek al 3 jier.

Yntusken is der al in hiel protte feroare en ferbettere oan de browser en binne wy op dit stuit by ferzje 3.5.5 en stiet 3.6 op it punt fan útkommen. It merke-oandiel is groeit oant 25% fan alle ynternetbrûkers en groeit noch hieltyd. Ek it tal Fryske Firefoxen nimt ta, bettere sifers sille wy ynkoarten krije fan de Mozilla organisaasje.

Om dizze jierdei te fieren hat Mozilla in spesjale webstee makke dy't mei help fan de mienskip oersetten is yn 27 ferskate talen en natuerlik sit it Frysk dêr ek tusken. Sjochris op spreadfirefox foar in prachtich ûntwerp en in moai foarbyld fan it gebrûk fan it canvas-elemint dy't brûkt wurdt foar de Fryske ûndertiteling fan de fideo. Dit is allinnich te sjen mei in browser dy't it canvas-elemint stipet lykas Firefox, Safari en Chrome.
No noch in manier fine om it Firefox-logo op de Aldehou te krijen.