donderdag 12 maart 2009

Firefox 3.1 beta 3 is no beskikber.

Firefox 3.1 beta 3 (of eins 3.5) is no beskikber om yn te laden fanôf www.mozilla.com.
Dizze ferzje is bedoeld foar it testen en foar ûntwikkelers. De útjefte-opmerkings kinne jo hjir lêze.
Nije saken binne û.o. Privee sneupe, fluggere javaskript en stipe foar nije web technologiën lykas de video- en audio-eleminten, de W3C Geolokaasje API, CSS 2.1 en 3 eigenskippen, SVG transformaasjes en offline applikaasjes.
As jo dizze teste wolle, doch dat dan wol mei in nij profyl!

Geen opmerkingen: