Mozilla Labs is it ûndersyksintrum fan Mozilla wêr't misken allegear ideeën oer it gebrûk fan ynternet betinke en útwurkje. Foarbylden dêrfan binne Weave, Snowl en Personas. Mei de lêste kinst it uterlik fan Firefox oanpasse, bygelyks om it hielendal Frysk te meitsjen:
Koartlyn is ek Ubiquity starten as ûnderdiel fan Mozilla Labs, wat ik ek al sjoen hie yn Barseloana. It programma is seker noch yn in eksperimentele fase, mar se binne ek al dwaande om it yn de takomst yn te bouwen yn Firefox. It komt der op del dat it mooglik is om mei kommando's bepaalde taken te starten. As de Tafoeging ynstalleare is kinst nei it yntypen fan Ctrl+Spaasjebalke de kommandorige nei foaren bringe. Foarbylden fan kommando's binne wiki, map en translate.
By sa'n nei programma heart natuerlik ek in moai logo en lit it no sa wêze dat se dêr de wrâldbekende Sebastiaan de With út Drachten foar frege hawwe. Op syn blog kinst de ûntwikling fan it logo folgje, wylst der op de blog fan Aza Raskin troch elkenien op reageard wurd.
Foarearst sjocht it der sa út:
Geen opmerkingen:
Een reactie posten