Einlik is it klear, ús eigen Fryske Hânwurdboek mei 70.000 wurden mei in ferklearing yn it Frysk. Net earder wie der in wurdboek beskikber Frysk-Frysk sa as dit no gearstelt is.
De ynhâld is makke troch de Fryske Akademy en it twadielige boek mei CD wurd útjûn troch de Afûk. Moandeitemiddei wie ik by de útriking fan de earste eksemplaren oan minister Plasterk. Plasterk die syn taspraak hielendal yn it Frysk en die dat neffens my hiel goed, hast better as Reinier Salverda, direkteur fan de FA. Fierders wienen der taspraken fan de redaksjeleden wêrby die fan Hindrik Sijens wol it meast ynteressant en humorfol wie. Symboalysk oerhannige deputearre Jannewietske de Vries it hânwurdboek oan studinten fan de Fryske PABO's, omdat alle Fryske skoallen sa'n wurdboek krije.
Troch mear minsken is sein dat dit wurdboek bydraget oan de emansipaasje fan de Fryske taal en ik tink dat dat ek wier is. No noch oanleare om dat boek der wat faker by te pakken.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten