dinsdag 28 april 2009

Firefox 3.5 beta 4 is lêste beta.

Firefox 3.5 Beta 4 (earder bekend as Firefox 3.1) is no beskikber om yn te laden. Dizze ferzje is makke foar it testen fan de basisfunksjonaliteiten fan de ferskate nije funksjes dy't tafoege binne oan Firefox 3.5. De planning foar Firefox 3.5 kin folge wurde yn it Firefox 3.5 Planning Center (en) en ek yn mozilla.dev.planning (en) en op irc.mozilla.org yn #shiretoko.

Dizze beta is no beskikber yn 70 talen – download de ferzje yn byg. it Frysk en lit ús witte oft alles goed wurket of as der staveringsflaters yn sitte.

De nije eigenskippen yn dizze útjefte wêrfoar reaksjes frege wurde binne:

  • De nije moadus prive sneupe is ferbettere, mei û.o. de mooglikheid “Dizze webstee te ferjitten” yn de Skiednissidebalke.

  • Bettere prestaasjes en stabiliteit mei de nije JavaScript-motor TraceMonkey.

  • De mooglikheid om jo lokaasje (en) op te jaan me gebrûk fan webstanderts foar geolokaasje.
  • Stipe foar native JSON en webwurkerthread.

  • Ferbetterings oan de lay-outmotor Gecko, wêrûnder spekulatief parsen foar fluggere ynhâldswerjefte.

  • Stipe foar nije webtechnologieën lykas de <video>- en <audio>-eleminten, ynlaadbere lettertypen en oare CSS eigenskippen, JavaScript-sykopdrachtkiezers, SVG-transformaasjes en off-line-tapassings.



As jo dizze teste wolle, doch dat dan wol mei in nij profyl!

Geen opmerkingen: