woensdag 9 december 2009

Thunderbird 3.0 is klear!


Stjoer it rûn!

Mozilla Thunderbird hat ferzje 3.0 beskikber makke op harren webstee. En it moaiste dêrfan is dat der no ek in Fryske oersetting is. De Fryske ferzje is fan no ôf op 3 plakken yn te laden. As dyn browser yn it Frysk is, byg. Firefox of Opera, ienfâldich fia de webside fan Mozillamesaging.com. De twadde mooglikheid is de oersichtside mei alle talen en de tredde is de Fryske side.

Tegaar mei Hindrik Sijens hawwe wy in pear moannen dwaande west om alle bestannen oer te setten. Dêrneist hawwe wy noch in tal online bestannen makke, bugs melden, de Fryske kalinder foar Sunbird/Lightning makke en Thunderbird testen, testen en testen fan ôf de earste saneamde nightlies. Wy hawwe no sels al nije taalwizigings dy't no noch net yn de 3.0 ferzje sitte, mar yn 3.0.1 komme. Lytse flaterkes dy't entûsjaste brûkers oan my melden hawwe. En sa heart it ek, tegaar dit produkt meitsje en ûnderhâlde, hielendal neffens it Iepen Boarne model. Hast ek noch wat taalbonkjes fûn? Reagearje dan op dit artikel of stjoer in e-mail nei fryskefirefox at gmail.com.

De haadpunten fan de nijste ferzje binne al earder besprutsen en kinne jo yn âldere artikels weromlêze. Koart gearfetten binne dit se:
* beskikber yn 49 talen wêrûnder it Frysk
* e-mail en sykresultaten yn ljepblêden
* nije sykmooglikheden
* nij argivearsysteem
* ferbetterings foar brukers: haadbalke is fersimpele, nije sykwidget, nije manier om jo e-mailaccount yn te stellen, tûke mappen, aktiviteitenbehearder, ien-klik adresboek en bylagewerinnering

Stjoer it rûn!

vrijdag 4 december 2009

Thunderbird draws attention in local media

Sending out pressreleases is always exciting, you never know if it gets picked up.
As a preparation to the final release of Thunderbird 3, I already sent out some triggers about the upcoming final in december. After a slow start last week it finally grew larger and resulted in a real (short) interview with the local radiostation.

Internetpress is here (Dutch) and here (Frisian). The interview can be relistened here and starts at approx. 47:00, and lasts for about 8 minutes.

Omtinken fan Omrop Fryslân foar Thunderbird

Nei oanlieding fan in tal parseberjochten, bygelyks yn de LC en op ItNijs.nl (prachtich webstee oerigens), hie Omrop Fryslân ús belle om ynformaasje oer it programma. Hjoed hat Hindrik Sijens yn Omnium besocht om út te lizzen wat Thunderbird is en dat wie net ienfâldich. De ynterviewster helle in bytsje Firefox en Thunderbird troch inoar en dat lied ta wat sprekferwarren oer en wer.
Mar goed, lang om let wie der omtinken en dat is al hiel wat, sekers mei yn de efterholle dat sa'n berjocht net pleatst wurd op it webstee fan de Omrop wylst it wol nijs is yn in útstjoering.

It ynterview kinne jo nochris belústerje fia Utstjoering mist.

woensdag 2 december 2009

Thunderbird 3.0 Release Candidate 2 beskikber

In wike nei RC1 is no RC 2 útkommen mei ferskate ferbetterings oan bugs dy't fûn wiene yn RC1.
De RC2 kinst ynlade fanôf Mozillamessaging. Hast RC1 al ynstallearre, dan kinst fernije fia Help -> Kontrolearje op fernijings... .

woensdag 25 november 2009

Thunderbird 3.0 Release Candidate 1 beskikber

3 builds wienen der foar nedich om de earste Release Candidate fan Thunderbird 3.0 ree te meitsjen. Fanôf hjoed is Thunderbird 3.0 RC 1 beskikber om yn te laden fan de webside Mozillamessaging. Neist it Frysk is Thunderbird yn nochris 48 talen.
Release Candidates binne bedoeld om de nije ûnderdielen en wizigings fan Thunderbird 3.0 te testen. Nije ûnderdielen binne û.o.:

  • nije sykmetoade (Gloda Search)

  • e-mail yn ljepblêden

  • berjochtargivearing

  • nije account ynstelhelper

De ferbetterings foar ûntwikkelers kinne jo hjir neilêze (Ingelsk).

Minsken dy't graach teste wolle kinne de Release Candidate ynlade en ynstallearje. Alhoewol ik sels al in tiid mei súkses Thunderbird 3.0 brûk, rêt ik elkenien oan, as jo al Thunderbird brûke, om te testen mei in nij profyl, sadat jo besteande e-mail net ferlern gean kin. Dogge jo dat wol, meitsje dan in reservekopy fan jo profyl en hâld der rekkening mei dat ferskate tafoegings noch net kompatibel binne.
De byhearrende Lightning tafoeging foar aginda's en taken kinst ynlade fanôf Mozilla's FTP.

woensdag 18 november 2009

Thunderbird 3.0 Release Candidate 1 wurdt makke

Op dit stuit wurdt der hurd wurke om de earste Release Candidate fan Thunderbird 3.0 klear te krijen. In protte fan de 49 talen binne al klear wêrûnder it Frysk.
De earste tests jouwe in goed resultaat. Wol kaam ik noch in dinkje tsjin dy't ik net leuk fûn. Ast op it pop-up finster klikst as der in nije e-mail komt, dan wizigt it byld yn de linkerkolom nei "Tûke mappen" yn stee fan Byld->Mappen->Alles. Dêr haw ik in opmerking oe makke yn in bug.

maandag 9 november 2009

Firefox 5 jier!


Hjoed is it safier: Firefox is 5 jier wurden. De Fryske ferzje fan Firefox is der noch net sa lang, die wie der foarearst yn oktober 2006, dus no ek al 3 jier.

Yntusken is der al in hiel protte feroare en ferbettere oan de browser en binne wy op dit stuit by ferzje 3.5.5 en stiet 3.6 op it punt fan útkommen. It merke-oandiel is groeit oant 25% fan alle ynternetbrûkers en groeit noch hieltyd. Ek it tal Fryske Firefoxen nimt ta, bettere sifers sille wy ynkoarten krije fan de Mozilla organisaasje.

Om dizze jierdei te fieren hat Mozilla in spesjale webstee makke dy't mei help fan de mienskip oersetten is yn 27 ferskate talen en natuerlik sit it Frysk dêr ek tusken. Sjochris op spreadfirefox foar in prachtich ûntwerp en in moai foarbyld fan it gebrûk fan it canvas-elemint dy't brûkt wurdt foar de Fryske ûndertiteling fan de fideo. Dit is allinnich te sjen mei in browser dy't it canvas-elemint stipet lykas Firefox, Safari en Chrome.
No noch in manier fine om it Firefox-logo op de Aldehou te krijen.