Op 5 juny 2010 is der in lanlike gearkomst fan minsken dy't meiwurke hawwe oan de Fryske en Nederlânske ferzjes fan Thunderbird. Ek sil de man dy't ferantwurdlik is foar de kwaliteit, Ludovic Hirlimann, oanwêzich wêze, in pear ûntwikkelers en leden fan MozBrowser.nl.
De gearkomst wurdt hâlden yn Rockcafé Staiway to Heaven en elkenien is wolkom fan ôf 14.00 oere oant ..... om tegear wat te drinken en by te praten. Miskien wurdt der ek noch wat Mozilla-goud útdielt.
donderdag 29 april 2010
woensdag 10 maart 2010
Browserkarskerm
De kommende tiid sille brûkers fan in kompjûter mei Windows as bestjoeringssysteem en Internet Explorer as standert browser fia de automatyske fernijings fan Windows in skerm foar har noas krije, wêryn't se frege wurdt om in kar te meitsjen foar in browser. Dit is it gefolch fan de saak dy't Opera starten is by de Europeeske Kommisje tsjin de bondeling fan de browser (IE) yn it bestjoeringssysteem en it ferneamde misbrûk fan de monopoaljeposysje.
Uteraard hat Mozilla hjir ek belang by en binne se drok dwaande om minsken te ynformearjen oer hoe't se in kar meitsje kinne. Ien fan de sides wêr't brûkers op komme as se kieze foar Firefox is de side browserchoice.mozilla.com.
De brûkte taal is ôfhinklik fan de ynstellings fan de kompjûter dy't brûkt wurdt. Ast faker automatysk Fryske sides sjen wolst is it tûk om de taal fan Windows yn te stellen op Frysk. Yn Windows XP(fanôf sp3) kin dat fia Start->Configuratiescherm->Landinstellingen en dan yn de list Fries (Nederland) selektearje.

Fierders binne der 4 buttons makke krekt as hjirboppe dy't op it in webside pleatst wurde kinne om jo te attendearjen dat jo in kar hawwe.
En hoe kinne jo in kar meitsje? Dat is te lêzen op opentochoice.org, in webstee dy't ynkoarten ek yn it Frysk en Nederlânsk ferskine sil. Letter mear hjiroer.......

donderdag 21 januari 2010
Firefox 3.6
Tongersdei 21 jannewaris is de útjeftedei fan de nijste ferzje fan Firefox 3.6. Natuerlik wer letter as dat de planning wie, mar de kwaliteit bliuwt belangryk.
Wat is der nij yn dizze ferzje:
- Personas: om it úterlik fan Firefox nei eigen sin te feroarjen, selektearje dan nije tema's mei de namme “Personas” troch ien klik en sûnder op 'e nij op te starten
- Ynstekker fernije: om jo te befeiligjen tsjin potinsjele feilichheids-kwetsberens, ynformearret Firefox jo no oer âlde ynstekkers, bygelyks Flash
- Stabiliteitsferbetterings: yn Firefox 3.6, bin it tal software-ûngelokken lytser wurden troch dat software fan oaren op in oare manier Firefox gearwurkje
- Formulier oanfolling: as jo online in formulier ynfolje, sil Firefox ynformaasje foar fjilden foarstelle basearre op jo algemiene antwurden yn deselde fjilden
- flugger opstarte
- flugger iepenje fan ljepblêden
- flugger resultaten út de bjusterbaarlike balke
- Fideo yn it iepen ogg-formaat kin no ôfspile wurde yn folslein skerm
In oersicht fan de fernijjings is te sjen yn in fideo op mozilla.com.
woensdag 20 januari 2010
Earste fernijing Thunderbird.
Seis wiken nei it útkommen fan Thunderbird 3.0, is der no de earste fernijing, 3.0.1. Neist in tal technyske ferbetterings wienen wy ek yn steat om lytse taalflaters, dy't trochjûn wienen troch brûkers, te ferbetterjen. Sa sieten der bygelyks yn de Help -> Migraasje-assistint in pear grutte flaters en wienen "van" en "aan" yn de berjochtkop net oerset nei it Frysk.
Wolle jo dizze fernijing ek krije, klik dan op "Help" en dan "Kontrolearje op fernijings...". Oerigens sil dit normaal al barre op 'e eftergrûn. Hawwe jo noch ferzje 2, dan kinne jo de lêste ferzje ynlade fanôf mozillamessaging.com.

woensdag 9 december 2009
Thunderbird 3.0 is klear!
Stjoer it rûn!
Mozilla Thunderbird hat ferzje 3.0 beskikber makke op harren webstee. En it moaiste dêrfan is dat der no ek in Fryske oersetting is. De Fryske ferzje is fan no ôf op 3 plakken yn te laden. As dyn browser yn it Frysk is, byg. Firefox of Opera, ienfâldich fia de webside fan Mozillamesaging.com. De twadde mooglikheid is de oersichtside mei alle talen en de tredde is de Fryske side.
Tegaar mei Hindrik Sijens hawwe wy in pear moannen dwaande west om alle bestannen oer te setten. Dêrneist hawwe wy noch in tal online bestannen makke, bugs melden, de Fryske kalinder foar Sunbird/Lightning makke en Thunderbird testen, testen en testen fan ôf de earste saneamde nightlies. Wy hawwe no sels al nije taalwizigings dy't no noch net yn de 3.0 ferzje sitte, mar yn 3.0.1 komme. Lytse flaterkes dy't entûsjaste brûkers oan my melden hawwe. En sa heart it ek, tegaar dit produkt meitsje en ûnderhâlde, hielendal neffens it Iepen Boarne model. Hast ek noch wat taalbonkjes fûn? Reagearje dan op dit artikel of stjoer in e-mail nei fryskefirefox at gmail.com.
De haadpunten fan de nijste ferzje binne al earder besprutsen en kinne jo yn âldere artikels weromlêze. Koart gearfetten binne dit se:
* beskikber yn 49 talen wêrûnder it Frysk
* e-mail en sykresultaten yn ljepblêden
* nije sykmooglikheden
* nij argivearsysteem
* ferbetterings foar brukers: haadbalke is fersimpele, nije sykwidget, nije manier om jo e-mailaccount yn te stellen, tûke mappen, aktiviteitenbehearder, ien-klik adresboek en bylagewerinnering
Stjoer it rûn!
vrijdag 4 december 2009
Thunderbird draws attention in local media
Sending out pressreleases is always exciting, you never know if it gets picked up.
As a preparation to the final release of Thunderbird 3, I already sent out some triggers about the upcoming final in december. After a slow start last week it finally grew larger and resulted in a real (short) interview with the local radiostation.
Internetpress is here (Dutch) and here (Frisian). The interview can be relistened here and starts at approx. 47:00, and lasts for about 8 minutes.

Omtinken fan Omrop Fryslân foar Thunderbird
Nei oanlieding fan in tal parseberjochten, bygelyks yn de LC en op ItNijs.nl (prachtich webstee oerigens), hie Omrop Fryslân ús belle om ynformaasje oer it programma. Hjoed hat Hindrik Sijens yn Omnium besocht om út te lizzen wat Thunderbird is en dat wie net ienfâldich. De ynterviewster helle in bytsje Firefox en Thunderbird troch inoar en dat lied ta wat sprekferwarren oer en wer.
Mar goed, lang om let wie der omtinken en dat is al hiel wat, sekers mei yn de efterholle dat sa'n berjocht net pleatst wurd op it webstee fan de Omrop wylst it wol nijs is yn in útstjoering.
It ynterview kinne jo nochris belústerje fia Utstjoering mist.

Abonneren op:
Posts (Atom)