maandag 19 maart 2012

Firefox en Thunderbird 11

Der binne nije ferzjes fan Firefox en Thunderbird, nûmer 11. De oersetting is no wer by de tiid sûnder Ingelske teksten.
Nij yn Firefox 11 is û.o. de mooglikheid om no ek de Add-ons (Tafoegings) te syngronisearjen mei Sync. Ek is it mooglik om gegevens fan Chrome te ymportearjen lykas blêdwizers, skiednis ensfh. Mear hjir oer op http://www.mozilla.org/en-US/firefox/11.0/releasenotes/.

RSS feed út Firefox

Earder hie ik it al oer it RSS-feed fan Omrop Fryslân yn Firefox. It wie my koartlyn noch net opfallen, mar hjoed de dei (hjoed-de-dei?) wurdt de standert RSS-feed hielendal net mear ynsteld as der in nij profyl oanmakke wurdt. Dat fyn ik al wat spitich, want dat makke Firefox krekt wat mear Frysk. It wie ek al wat minder fan tapassing troch dat by in nei profyl de blêdwizerbalke standert ferstoppe is.
Wolst dochs de RSS feed fan de Omrop tafoegje, blêdzje dan nei http://omropfryslan.nl/rss en klik op No abonnearje.

donderdag 9 februari 2012

Fryske Firefox foar Android

Sûnt koart is it mooglik om ek op dyn Android-mobyl of tablet de Fryske Firefox te ynstallearjen. Firefox wie al beskikber yn de Android market, mar allinnich yn in pear talen bygelyks it Nederlânsk.
Der is in protte kommentaar op de wurking fan de offisjele ferzje en Mozilla hat it ûntwerp no sa oanpast dat it no wurket as in saneamde `native app`. Dit hâldt yn dat menu´s net mear ûnderdiel binne fan Firefox, mar der wurdt gebrûk makke fan de standert Android menu´s. Hjirtroch wurket Firefox folle flugger.

Dizze nije ferzje is noch bot yn ûntwikkeling en is allinnich noch mar beskikber op it saneamde Aurora-kanaal. De ynstallaasjepakketten foar alle talen stean op de FTP-tsjinner fan Mozilla. De Fryske ferzje hat fy-NL yn de namme en einiget op .apk. Yn de ynstellingen fan Android moat wol ynsteld wurde dat it mooglik is om apps te ynstallearjen fan oare plakken as de market. Dêrnei is it ienfâldich en ynstallearret Firefox Aurora sich as app tegearre mei de lossteande app Sync.
Ien bekend probleem is dat flash-ynhâld op websites ferskood wurdt.

Mei Sync is it mooglik om dyn apparaat te keppeljen oan de Firefox op de laptop of buro-PC. Ien kear keppele dan syngronisearret Firefox dyn skiednis, blêdwizers en iepen ljêpblêden, wêrtroch it sneupjen mei help fan dizze gegevens makliker giet.

Net benaud om ris wat út te probearjen, ynstallearje dan de lêste ferzje en lit my of Mozilla witte hoe´t it wurket. Ek taalflaters binne wolkom.

vrijdag 3 februari 2012

Firefox en Thunderbird 10

Al wer in nûmer fierder. De ûntwikkeling giet sa fluch dat ik mei it oersetten sels ek wol wat ferjit.
Sa seach ik dat by de avansearre opsjes fan Firefox by it ljepblêd Fernijing in part noch yn it Ingelsk stiet. En miskien op noch mear plakken mar dat haw ik noch net sjoen. De stikken tekst binne al wol oerset mar binne troch in flater net opnommen yn de lêste ferzje.
Gjin noad, yn de folgjende ferzje 11 oer noch gjin 6 wiken sil it korrisjearre wêze.

Oerigens is der ek al in Fryske Firefox ferzje foar mobyl, mar deroer letter mear....

donderdag 19 januari 2012

RSS-feed Omrop Fryslân yn Firefox

De lêste tiid foel my al op dat ferskate artikels dy't yn it RSS-feed fan Omrop Fryslân steane net mear de korrekte URL hienen. Sa waard yn artikels mei in '-teken fêst trochferbûn nei it lêste artikel yn stee fan it oanklikte artikel.

Dêrom mar ris kontakt opnommen mei Omrop Fryslân. Nei wat ûndersyk die bliken dat it standert RSS-feed dy't no yn Firefox ynboud is net mear goed is. Mei it fernijen fan it webstee is ek de lokaasje wizige fan it feed. Eartiids wie de URL foar de feed http://rss.omropfryslan.nl/, dat is no wizige yn http://omropfryslan.nl/rss.

Hawwe jo de Fryske Firefox, dêr't standert it feed fan Omrop Fryslân yn sit, wizigje dan efkes it feed. Dat kin troch de keppeling nei http://omropfryslan.nl/rss te folgjen en dan No abonnearje te selektearjen. De âlde kinne jo fuortsmite troch der mei de rjochtermûsknop op te klikken en dan Fuortsmite. Ik haw ek probearre om dit te wizigjen fia Eigenskippen, mar dat slagget my net. Dat fyn ik sels in bytsje frjemd omdat it liket dat dat wol mooglik is. Ik koe de tekst wol wizigje mar as ik dan op 'e nij de eigenskippen opfreegje is der neat wizige. As jo oare ûnderfining hawwe dan hear ik dat graach.
Oerigens sil de omrop de âlde letter trochferwize litte nij de nije, sadat elkenien wer in goed gefoel krije kin mei it gebrûk fan it feed yn Firefox.

woensdag 28 september 2011

Firefox 7 en Thunderbird 7 no yn te laden

Juster is der wer in nije ferzje útkommen fan Firefox en Thunderbird.
Mozilla wit sich op dit stuit noch goed te hâlden oan de útjefte eltse 6 wiken fan in nije ferzje.
Hast Firefox of Thunderbird al, klik dan op Firefox>Help>O(v)er Firefox en klik op Fernijing tapasse as dy ynladen is.
De programma's binne nij yn te laden fan ôf:
http://www.mozilla.org/fy-NL/firefox/ foar Firefox 7 en

http://www.mozilla.org/fy-NL/thunderbird/  foar Thunderbird 7.

Brûk de lêste ferzje foar de heechste faasje en grutste feilichheid.

maandag 19 september 2011

Indigenous Blogs.

It Indigenous Tweets projekt is seis moannen âld en no komt Kevin Scannell mei in nij projekt: Indigenous Blogs.
Mei dit blog wol Kevin in samling meitsje fan blogs yn minderheidstalen of útstjerrende talen. Natuerlik (of spitigernoch) is der ek ien foar it Frysk: http://indigenoustweets.com/blogs/fy/.
Fierders brûkt Kevin dizze samling foar ûndersyk nei talen en it meitsjen fan wurdlisten.
Op dit stuit binne der 17 Fryske blogs. Hast sels ek in blog yn it Frysk dan kinst dat op deselde side ynstjoere.