dinsdag 15 mei 2012

Thunderbird Go grab one !

Ast ea meiwurkje woe'st oan Thunderbird, DIT is dyn kâns!

Sûnt koart is it Thunderbird Up For Grabs programma lansearre. It idee is wurklik ienfâldich: der binne genôch funksjes dy't Mozilla tafoegje wol oan de Thunderbird roadmap, mar se hawwe spitigernôch net genôch minsken om se ree te meitsjen. Dus hawwe se besletten om se op in iepen plak te pleatsen, sadat elkenien wat útkieze kin om der oan te ûntwikkeljen. Ast dêrmei begjinst, sil'st gearwurkje mei it Thunderbird-team dy't dy stypje út en troch it hiele projekt.
En tink derom, dit is net allinnich foar ûntwikkelers. Elkenien kin hjir oan meidwaan mei syn eigen feardigens: fisueel ûntwerp, oersetting, kwaliteitsbehear, teste, dokumentaasje… Dit is dyn mooglikheid om ynfloed te hawwen en Thunderdbird te ferbetterjen.
Ast ea meiwurkje woe'st en net wit'st wêre te starten, dit is dyn kâns. Dus start no en grab one !

woensdag 18 april 2012

Fryske Twitterdei 19 april 2012

Tongersdei 12 april 2012 is de earste Fryske Twitterdei, in inisjatyf fan Praat Mar Frysk.
In moai momint om de Fryske staveringshifker foar Firefox (en Thunderbird) ûnder de oandacht te bringen dy't yn te laden in fan https://addons.mozilla.org/en-US/firefox/addon/frisian-dictionary/.
Hast noch gjin Firefox, laad it dan ris yn fan www.mozilla.org/fy-NL/firefox/fx/. Dat kin de Fryske ferzje wêze of ien fan de oare 80 talen dêr't Firefox yn te krijen is.

Foar in aktueel oersicht fan de lêste tweets mei de hashtag #frysk sjoch op www.fryskesoftware.nl.

vrijdag 23 maart 2012

Twitter yn it Frysk

Fryske Twitter Button
Moannen lyn waard ik hifke troch in meiwurker fan Twitter om ris te sjen nei de nije Nederlânske oersetting fan Twitter. Wy koenen inoar al doe’t hy noch wurke foar Mozilla. Entûsjast as ik wie haw ik de oersetting besjoen en seach dat die eins al hast folslein dien makke wie troch in grutte groep minsken. Ik haw freonlik betanke foar de útnoeging, mar haw wol daliks oanjûn dat ik ynteressearre wie yn it opstarten fan de Fryske oersetting.
Dat wie doe noch lang net oan de oarder, se woenen earst de grutte talen fan de wrâld dien krije en fan dêrút fierder wurkje ek om ûnderfining te krijen mei it systeem fan mear talen. Oan my de taak om it paad waarm te hâlden, sadat se it Frysk net ferjitte. Yntusken is der al hiel wat e-mailferkear hin en wer gien. Der is in pear kear frege om in saneamde glossary oer te setten en in pear wiken ferlyn krige ik wer in fersyk om in oar grut bestân oer te setten. Dat is no ek wer klear en oanbean oan de meiwurkers fan Twitter.
Op ferskate wize probearje ik no om it Frysk aktyf te krijen sadat wy starte kinne mei it oersetten. Oan de iene kant mei e-mails nei de meiwurkers fan mysels en ek fia oare minsken dy’t ynteressearre binne, lykas Kevin Scannell, ferneamd taalprofessor en oprjochter fan http://indigenoustweets.com/.

Mar der is noch in mooglikheid, nammentlik it fersykformulier fan Twitter sels, te finen op: http://translate.twttr.com/lang_request. Wolst ek dat Twitter yn it Frysk oerset wurdt? Folje dan it formulier yn en wurkje mei oan it gearstallen fan Twitter yn it Frysk en oan de sichtberens fan it Frysk op ynternet. En fertel it fierder mei tweets, blogs, facebook ensfh. Hoe mear oandacht hoe grutter de kâns dat wy aanst ‘folgers’ hawwe, oaren ‘folgje’, ‘ûntdekke’ en ‘ferbine’.
Of sa as Taalbaas it foarstelt, in tsjit ferstoere en tsjitterje.

maandag 19 maart 2012

Firefox en Thunderbird 11

Der binne nije ferzjes fan Firefox en Thunderbird, nûmer 11. De oersetting is no wer by de tiid sûnder Ingelske teksten.
Nij yn Firefox 11 is û.o. de mooglikheid om no ek de Add-ons (Tafoegings) te syngronisearjen mei Sync. Ek is it mooglik om gegevens fan Chrome te ymportearjen lykas blêdwizers, skiednis ensfh. Mear hjir oer op http://www.mozilla.org/en-US/firefox/11.0/releasenotes/.

RSS feed út Firefox

Earder hie ik it al oer it RSS-feed fan Omrop Fryslân yn Firefox. It wie my koartlyn noch net opfallen, mar hjoed de dei (hjoed-de-dei?) wurdt de standert RSS-feed hielendal net mear ynsteld as der in nij profyl oanmakke wurdt. Dat fyn ik al wat spitich, want dat makke Firefox krekt wat mear Frysk. It wie ek al wat minder fan tapassing troch dat by in nei profyl de blêdwizerbalke standert ferstoppe is.
Wolst dochs de RSS feed fan de Omrop tafoegje, blêdzje dan nei http://omropfryslan.nl/rss en klik op No abonnearje.

donderdag 9 februari 2012

Fryske Firefox foar Android

Sûnt koart is it mooglik om ek op dyn Android-mobyl of tablet de Fryske Firefox te ynstallearjen. Firefox wie al beskikber yn de Android market, mar allinnich yn in pear talen bygelyks it Nederlânsk.
Der is in protte kommentaar op de wurking fan de offisjele ferzje en Mozilla hat it ûntwerp no sa oanpast dat it no wurket as in saneamde `native app`. Dit hâldt yn dat menu´s net mear ûnderdiel binne fan Firefox, mar der wurdt gebrûk makke fan de standert Android menu´s. Hjirtroch wurket Firefox folle flugger.

Dizze nije ferzje is noch bot yn ûntwikkeling en is allinnich noch mar beskikber op it saneamde Aurora-kanaal. De ynstallaasjepakketten foar alle talen stean op de FTP-tsjinner fan Mozilla. De Fryske ferzje hat fy-NL yn de namme en einiget op .apk. Yn de ynstellingen fan Android moat wol ynsteld wurde dat it mooglik is om apps te ynstallearjen fan oare plakken as de market. Dêrnei is it ienfâldich en ynstallearret Firefox Aurora sich as app tegearre mei de lossteande app Sync.
Ien bekend probleem is dat flash-ynhâld op websites ferskood wurdt.

Mei Sync is it mooglik om dyn apparaat te keppeljen oan de Firefox op de laptop of buro-PC. Ien kear keppele dan syngronisearret Firefox dyn skiednis, blêdwizers en iepen ljêpblêden, wêrtroch it sneupjen mei help fan dizze gegevens makliker giet.

Net benaud om ris wat út te probearjen, ynstallearje dan de lêste ferzje en lit my of Mozilla witte hoe´t it wurket. Ek taalflaters binne wolkom.

vrijdag 3 februari 2012

Firefox en Thunderbird 10

Al wer in nûmer fierder. De ûntwikkeling giet sa fluch dat ik mei it oersetten sels ek wol wat ferjit.
Sa seach ik dat by de avansearre opsjes fan Firefox by it ljepblêd Fernijing in part noch yn it Ingelsk stiet. En miskien op noch mear plakken mar dat haw ik noch net sjoen. De stikken tekst binne al wol oerset mar binne troch in flater net opnommen yn de lêste ferzje.
Gjin noad, yn de folgjende ferzje 11 oer noch gjin 6 wiken sil it korrisjearre wêze.

Oerigens is der ek al in Fryske Firefox ferzje foar mobyl, mar deroer letter mear....