It hat efkes duorre troch wat persoanlik geharrewar, fakânsjes ensfh., mar mei it útkommen fan de lêste bèta 7 fan Firefox 4 is der no ek wer in Fryske ferzje beskikber foar Windows, Mac en Linux.
En dat is dan daliks ek in wichtige bèta, want yn dizze ferzje sit ûnder oaren de nije JavaScript-masine JägerMonkey (en) wêrtroch siden flugger laden en nofliker laden wurde. Dit is bygelyks merkber as immen spultsjes docht op it ynternet lykas Super Mario.
Ien dy't al gewoan is mei Firefox sil nei it opstarten daliks al in ferskil sjen yn it uterlik, de ljepblêden steane no boppe-oan yn stee fan ûnder de blêdwizerbalke.
Ek is standert de menubalke útskeakele, wat ek wol efkes wenne moat. Alle menu-items sitte no ûnder de oranje Firefox-knop linksboppe.
De ûntwikkeling fan Firefox foar de kompjûter giet no lyk op mei die foar de mobyl. Dêrfoar is no ek standert Sync ynboud. Hjirmei is it mooglik om alle of in part fan de gegevens dy't yn Firefox bewarre wurde, lykas wachtwurden, skiednis, iepen ljepblêden ensfh. te dielen mei oare kompjûters, mobyltsje, of hokfoar apparaat dan ek dêr't Firefox op wurket. Mei nammen op in mobyltsje sil it wurkjen mei Firefox dan folle flugger gean, omdat ien kear ynfierde ynformaasje beskikber is en besochte websteeën yn de skiednis steane.
Foar ien dy't graach in protte ljepblêden iepen hat is der no Panorama. Dit kin helpe om de ferskate ljepblêden better te organisearjen en ûnder te bringen yn groepen. Grafysk moai dien fyn ik sels.
Der binne natuerlik noch folle mear fernijings en dêroer kin elkenien kommentaar jaan mei de saneamde Feedback-knop rjochtsboppe-oan. Dit sil bydrage oan de ferbettering fan de finale ferzje fan Firefox 4 dy't begjin 2011 klear wêze sil.