Taaltechnysk bin der noch wol in pear útdagingen. Oan de iene kant bin wy al gewoan mei Ingelske wurden as wy in "smartphone" brûke, oan de oare kant is dit ek in mooglikheid om de Fryske taal te ferrykjen mei nije wurden. Moast wurden as "provider" of "server" wol oersette of litte wy it sa? Dêr sil ik my de kommende 2 wiken oer bûgje.
It testen fan de nije telefoan is no noch net ienfâldich te dwaan, dêrom hjirûnder in pear skermôfbyldingen.
Wolst dochs probearje om dit yn it echt te besjen, laad dan de lêste ferzje fan b2g yn fan ôf:
http://ftp.mozilla.org/pub/moz
en dêrnei in bestân mei alle talen fan ôf http://people.mozilla.com/~sta
Start de applikaasje troch yn in terminal te typen: ./paad_nei/b2g-bin -profile /paad_nei/profile/
of yn Windows in keppeling oan te meitsjen mei de: C:\Program Files\b2g\b2g-bin.exe -profile paad_nei\profile\
Opmerkingen binne wolkom natuerlik.