Ek al is it Frysk noch net stipe op dizze telefoan, ik gean dochs troch mei it oersetten fan de nedige teksten, sadat hooplik yn de takomst, as dizze telefoans yn Nederlân komme, it wol beskikber komt.
Sa, lit ús ris sjen wat der yn it pakket sit dat ik fan Mozilla krigen haw. Myn dochter har earste fraach wie, "kin ik spylje mei de mobyl?" "Tuerlik", sei ik. Bern binne in moaie manier om funksjonaliteit en brûkersfreonlikheid te testen. Dus mei har en har freonen hawwe de Keon útpakt.
De earste blik op it pakket lit al in oar soarte fan ferpakking sjen, yn stee fan de normale platte pakketten, is de Keon ferpakke yn in kubus mei in grut tal ikoantsjes op de bûtenkant. En dizze kubus iepenet in oare trijehoekfoarmich doaske mei de telefoan deryn as oft it yn in etalaazje leit.
Sa, oan de slach, wêr is de rest? No, dat is goed ferstoppe yn it trijhoekdoaske achter de telefoan.
Alle saken om te starten en de telefoan brûkber te meitsjen, lykas batterij, stroomkabel, koptelefoan, handlieding en wat reklameguod. De achterkant is maklik wei te heljen om de batterij te pleatsen en ik haw besletten om daliks myn SIM-kaart en SD-kaart der yn te setten. Alles goed berikber.
Lit ik wat libben bringe yn dizze telefoan, oan 'e stroom en hé, it start direkt op as de oan/úknop yndrukt wurdt. It liket der op dat de batterij al yn it foar laden wie. As it Geeksphone-logo en it Firefox-logo foarby komme fiel ik my al grutsk dat ik part bin fan Mozilla en dat se dit al foar inoar krigen haw, machtich wurk!
Nei it folgjen fan de First Time Usage handlieding bin ik ree om te starten. SIM-kaart is werkend en freget nei myn pinkoade.
It ûntskoatteljen is krekt wat oars as oars, mar it foarstel mei it omheechljeppende menu ûnderyn helpt daliks. Gewoan oan de Galaxy S2, mis ik de menu- en werom-knop, dy bestean net. Der is allinnich in Home-button bûten it skerm yn it midden ûnder, menu- and werom-knoppen wurde presintearre op it skerm sels ôfhinklik fan de applikaasje dy't starten wurdt. Earste yndruk is dat it skerm wat traach reagearret, mar nochris ik bin in S2 gewoan dy't rûnom de €500 kostet, de Keon is te keap foar €89. Nei wat hin en wer sleepjen (swiping) bin ik dochs wol ûnder de yndruk fan de faasje.
Mar 4 knoppen op it startskerm, 1 skerm nei links en 2 oan de rjochterkant. Alle knoppen binne makke yn in sirkel.
Dêrnei gelyk nei de ynstellingen om dit apparaat mei it ynternet te ferbinen. Nei it ynloggen, kin ik starte mei browsen mei Firefox fanôf it startskerm, floeiend. Op it linker skerm kinst keppelingen fine nei online apps te finen fia everything.me. Offline Apps binne beskikber yn Firefox Marketplace.
Is dat wol mooglik basearre op Javascript? Lit ik ris in spultsje teste: Sketchbook Squad fan http://www.orangepixel.net/, in ienfâldich mar ferslaavjend spultsje en it wurket as it slydjaget, wow.
Alles mei inoar, as dit noch mar in ûntwikkeleksimplaar is, dan liket dit al hiel wat en sjoch ik út nei de úteinlike ferzje letter dit jier.
Ynteressearre om mei te helpen? Dat kin! Nim gewoanwei kontakt mei my op.