Hjoed is der in fernijing beskikber kommen foar it Fryske Wurdboek. Dit wurdboek wurdt brûkt yn de staveringshifker foar Firefox en Thunderbird.
Yn dizze nije wurdlist binne flaters ferbettere en mear as 1000 wurden tafoege dy't yn 2014 ûnderdiel binne fan de offisjele nije wurdlist fan de Fryske Akademy.
As de wurdlist al ynstallearre is yn Firefox en/of Thunderbird dan sil der automatysk fernijd wurde. Noch gjin Fryske wurdlist? Laad it dan yn fan ôf: https://addons.mozilla.org/nl/firefox/addon/frisian-dictionary/.