donderdag 8 juli 2010

Earste dei konferinsje grut súkses


De earste dei fan de konferinsje yn Vancouver is oer. It wie, sa as se dat sizze as Amearikanen, `awesome`! No is it by har al gauris ´awesome´, mar ik moat tajaan, it is echt fantastysk. Oan alles is tocht en net ien sil tekoart komme, oft´st no wurknimmer bist of in frijwilliger lykas my.
Dit is Mozilla´s manier om har ´contributors´ te betankjen en dêrneist elkenien op ´e hichte te hâlden fan wat der bard en noch mear wat der barre sil. De organisaasje organisearret dit evenemint no foar de twadde kear en der binne minsken fan oer de hiele wrâld. Minsken dy´t allegearre ferskate dingen dogge foar de programma´s fan Mozilla, byg. Firefox, Thunderbird, Mobyl, ensfh. Der binne ûntwikkelers, oersetters, ynternetûntwikkelers, PR en der binne prachtige demo´s fan wat de takomst fan it ynternet wurde kin. It moaie is dat´st it gefoel krijst mei te dwaan oan de ûntwikkeling fan it ynternet, hast in idee dan sizze se: ´bring it on´.

Oare ûnderwerpen binne natuerlik feilichheid, iepenheid, mienskipsorganisaasje en kommunikaasje. Ik bin benijd wat tongersdei de ûnderwerpen binne en hokker minsken ik dan wer treffe sil. Yn elts gefal sil ik Fryslân promoatsje op de wrâldekspo.

Geen opmerkingen: