Yn reaksje op 'de dagstelling' fan de
Ljouwerter Krante fan 1 febrewaris 2014.
Achte Bertus Mulder,
Yndie litte de troch dy neamde websites
in kâns lizze troch it Frysk net as earste taal oan te bieden. It
kin in moaie manier wêze om eltse besiker fan Fryslân(.nl) yn 'e
kunde komme te litten mei ús moaie taal. Mar ek minsken dy't al
Frysk prate wurde dan daliks oansprutsen yn harren eigen taal.
De eigeners fan dizze websites sille
grif statistiken hawwe wêrút bliken docht wêr't harren besikers
weikomme en op basis derfan in beslút nimme oer hoe't mei de taalkar
om te gean. Mar moatte dy eigeners dat wol dwaan? Is it net in kar
foar de besiker yn hokker taal immen in website lêze wol? Eltse
browser hat nammentlik de mooglikheid om dy taal yn te stellen yn de
opsjes. Meastentiids sille minsken de Nederlânske ferzje fan in
browser brûke en dermei ek de standerttaal op Nederlânsk hawwe,
sûnder bekend te wêzen mei de opsje dat it Frysk ek tafoege en as
earste taal ynsteld wurde kin. Brûkt ien in Fryske browser lykas dy
fan Mozilla Firefox, dan stiet de earste taal al op Frysk.
Dernei is de makker fan de website oan
'e beurt om dy taalynstelling te brûken en de besiker nei it part
mei de ynstelde taal te bringen. En dat is wêr't ûnder oaren de
Provinsje en Tresoar spitigernôch gjin rekkening mei hâlde. It is
frjemd dat as in meartalige website makke wurdt, besikers net
automatysk trochstjoerd wurde nei de taal neffens harren foarkar,
wylst dat mei in simpel script ienfâldichwei ynsteld
wurde kin.
Litte wy derom starte mei it ûnderwizen
fan de Friezen hoe't se de taalynstellingen wizigje kinne:
Internet Explorer: Extra >
Internetopties > Talen > Toevoegen > Fries > Ok >
Omhoog
Mozilla Firefox: Extra > Opties >
Inhoud > Taal > Kies > Selecteer een taal om toe te voegen >
Fries > Omhoog (of brûk de folsleine Fryske browser fan Mozilla).
Chrome: Instellingen > Geavanceerde
instellingen > Talen > Taal en invoerinstellingen
> Toevoegen > Fries > omheech sleepje