zondag 2 februari 2014

Tagong ta Fryske websites

Yn reaksje op 'de dagstelling' fan de Ljouwerter Krante fan 1 febrewaris 2014.

Achte Bertus Mulder,

Yndie litte de troch dy neamde websites in kâns lizze troch it Frysk net as earste taal oan te bieden. It kin in moaie manier wêze om eltse besiker fan Fryslân(.nl) yn 'e kunde komme te litten mei ús moaie taal. Mar ek minsken dy't al Frysk prate wurde dan daliks oansprutsen yn harren eigen taal.

De eigeners fan dizze websites sille grif statistiken hawwe wêrút bliken docht wêr't harren besikers weikomme en op basis derfan in beslút nimme oer hoe't mei de taalkar om te gean. Mar moatte dy eigeners dat wol dwaan? Is it net in kar foar de besiker yn hokker taal immen in website lêze wol? Eltse browser hat nammentlik de mooglikheid om dy taal yn te stellen yn de opsjes. Meastentiids sille minsken de Nederlânske ferzje fan in browser brûke en dermei ek de standerttaal op Nederlânsk hawwe, sûnder bekend te wêzen mei de opsje dat it Frysk ek tafoege en as earste taal ynsteld wurde kin. Brûkt ien in Fryske browser lykas dy fan Mozilla Firefox, dan stiet de earste taal al op Frysk.

Dernei is de makker fan de website oan 'e beurt om dy taalynstelling te brûken en de besiker nei it part mei de ynstelde taal te bringen. En dat is wêr't ûnder oaren de Provinsje en Tresoar spitigernôch gjin rekkening mei hâlde. It is frjemd dat as in meartalige website makke wurdt, besikers net automatysk trochstjoerd wurde nei de taal neffens harren foarkar, wylst dat mei in simpel script ienfâldichwei ynsteld wurde kin.

Litte wy derom starte mei it ûnderwizen fan de Friezen hoe't se de taalynstellingen wizigje kinne:
Internet Explorer: Extra > Internetopties > Talen > Toevoegen > Fries > Ok > Omhoog
Mozilla Firefox: Extra > Opties > Inhoud > Taal > Kies > Selecteer een taal om toe te voegen > Fries > Omhoog (of brûk de folsleine Fryske browser fan Mozilla).
Chrome: Instellingen > Geavanceerde instellingen > Talen > Taal en invoerinstellingen
> Toevoegen > Fries > omheech sleepje

Geen opmerkingen: