dinsdag 6 mei 2014

Frysk standert oanwêzich op Firefox OS 1.4 en heger

Mozilla wurket hurd oan it nije bestjoeringssysteem Firefox OS foar mobile apparaten, lykas telefoans en tablets. Ien fan de ûnderdielen dêrfan is it stypjen fan sa folle mooglik beskikbere talen. Yn it begjin wie it swier om mear talen mei te leverjen, want mei mear as 10 talen op in apparaat waard it traach. Foar in goede brûkersûnderfining waard doe besletten om net te folle talen yn it foar te ynstallearjen. Ûnder oaren troch de diskusje, dy't ik foarich jier op de Mozilla Summit yn Brussel hie mei de ûntwikkelers, is der ek in protte tiid stutsen yn it mooglik meitsjen fan mear talen foar Firefox OS.

En no is it safier! Op http://hg.mozilla.org/releases/gaia-l10n/v1_4/ is al in hiele list te finen mei talen dy't op Firefox OS beskikber binne. It wie al mooglik om mei de Firefox OS Simulator it Frysk yn it foar te besjen, mar no is it dus ek mooglik om myn Keon fan Geeksphone standert mei it lêste "image" te flashen en dan de taal op Frysk te setten. De taalkar liket hielendal gjin ynfloed te hawwen op de faasje fan de telefoan, it reagearret rap, sels op de Keon dat mar in low-end-apparaat is. Al mei al in moaie ûntwikkeling. No wurdt it tiid om by te wurkje en taal- en typflaters der út te heljen.

Hjirûnder in pear skermôfbyldingen fan de Fryske Firefox OS.
Wy moatte noch wol wat geduld hawwe eardat telefoans mei Firefox OS beskikber komme yn Nederlân. Mozilla rjochtet de útrol yn earsten op de saneamde opkommende merken. Dêrneist bliuwt it ek noch in kar oft in provider it Frysk mei leveret.

Geen opmerkingen: