Mozilla Labs is it ûndersyksintrum fan Mozilla wêr't misken allegear ideeën oer it gebrûk fan ynternet betinke en útwurkje. Foarbylden dêrfan binne Weave, Snowl en Personas. Mei de lêste kinst it uterlik fan Firefox oanpasse, bygelyks om it hielendal Frysk te meitsjen:
Koartlyn is ek Ubiquity starten as ûnderdiel fan Mozilla Labs, wat ik ek al sjoen hie yn Barseloana. It programma is seker noch yn in eksperimentele fase, mar se binne ek al dwaande om it yn de takomst yn te bouwen yn Firefox. It komt der op del dat it mooglik is om mei kommando's bepaalde taken te starten. As de Tafoeging ynstalleare is kinst nei it yntypen fan Ctrl+Spaasjebalke de kommandorige nei foaren bringe. Foarbylden fan kommando's binne wiki, map en translate.
By sa'n nei programma heart natuerlik ek in moai logo en lit it no sa wêze dat se dêr de wrâldbekende Sebastiaan de With út Drachten foar frege hawwe. Op syn blog kinst de ûntwikling fan it logo folgje, wylst der op de blog fan Aza Raskin troch elkenien op reageard wurd.
Foarearst sjocht it der sa út:
woensdag 21 januari 2009
Frysk Hânwurdboek
Einlik is it klear, ús eigen Fryske Hânwurdboek mei 70.000 wurden mei in ferklearing yn it Frysk. Net earder wie der in wurdboek beskikber Frysk-Frysk sa as dit no gearstelt is.
De ynhâld is makke troch de Fryske Akademy en it twadielige boek mei CD wurd útjûn troch de Afûk. Moandeitemiddei wie ik by de útriking fan de earste eksemplaren oan minister Plasterk. Plasterk die syn taspraak hielendal yn it Frysk en die dat neffens my hiel goed, hast better as Reinier Salverda, direkteur fan de FA. Fierders wienen der taspraken fan de redaksjeleden wêrby die fan Hindrik Sijens wol it meast ynteressant en humorfol wie. Symboalysk oerhannige deputearre Jannewietske de Vries it hânwurdboek oan studinten fan de Fryske PABO's, omdat alle Fryske skoallen sa'n wurdboek krije.
Troch mear minsken is sein dat dit wurdboek bydraget oan de emansipaasje fan de Fryske taal en ik tink dat dat ek wier is. No noch oanleare om dat boek der wat faker by te pakken.

woensdag 14 januari 2009
FOSDEM 2009
Foar it earst haw ik in útnoeging krigen fan Mozilla om de FOSDEM 2009 te besykjen. FOSDEM is in organisaasje dy't sich dwaande hâldt mei it fersprieden fan fergese en iepen boarne software. Hjir kin ik de minsken wer moetsje die ek al yn Barseloana wienen, mar ek minsken fan oare programma's.
De gearkomste is yn Brussel op 7 en 8 febrewaris.
De gearkomste is yn Brussel op 7 en 8 febrewaris.
Abonneren op:
Posts (Atom)