Moannen lyn waard ik hifke troch in meiwurker fan Twitter om ris te sjen nei de
nije Nederlânske oersetting fan Twitter. Wy koenen inoar al doe’t hy
noch wurke foar Mozilla. Entûsjast as ik wie haw ik de oersetting
besjoen en seach dat die eins al hast folslein dien makke wie troch in
grutte groep minsken. Ik haw freonlik betanke foar de útnoeging, mar haw
wol daliks oanjûn dat ik ynteressearre wie yn it opstarten fan de Fryske oersetting.
Dat
wie doe noch lang net oan de oarder, se woenen earst de grutte talen
fan de wrâld dien krije en fan dêrút fierder wurkje ek om ûnderfining te
krijen mei it systeem fan mear talen. Oan my de taak om it paad waarm
te hâlden, sadat se it Frysk net ferjitte. Yntusken is der al hiel wat
e-mailferkear hin en wer gien. Der is in pear kear frege om in saneamde
glossary oer te setten en in pear wiken ferlyn krige ik wer in fersyk om
in oar grut bestân oer te setten. Dat is no ek wer klear en oanbean oan
de meiwurkers fan Twitter.
Op
ferskate wize probearje ik no om it Frysk aktyf te krijen sadat wy
starte kinne mei it oersetten. Oan de iene kant mei e-mails nei de
meiwurkers fan mysels en ek fia oare minsken dy’t ynteressearre binne,
lykas Kevin Scannell, ferneamd taalprofessor en oprjochter fan http://indigenoustweets.com/.
Mar der is noch in mooglikheid, nammentlik it fersykformulier fan Twitter sels, te finen op: http://translate.twttr.com/lang_request.
Wolst ek dat Twitter yn it Frysk oerset wurdt? Folje dan it formulier
yn en wurkje mei oan it gearstallen fan Twitter yn it Frysk en oan de
sichtberens fan it Frysk op ynternet. En fertel it fierder mei tweets,
blogs, facebook ensfh. Hoe mear oandacht hoe grutter de kâns dat wy
aanst ‘folgers’ hawwe, oaren ‘folgje’, ‘ûntdekke’ en ‘ferbine’.
Of sa as Taalbaas it foarstelt, in tsjit ferstoere en tsjitterje.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten