dinsdag 15 mei 2012

Earste bèta Fryske Firefox foar Android

Mozilla wurket hurd oan de mobile ferzje fan Firefox foar Android. De saneamde ûntwikkelferzje Aurora bestiet al in hiele tiid, no is it tiid om de earste bèta te testen. Yn Google Play stiet no in ferzje dy't 10 talen befettet. Spitigernôch sit it Frysk dêr net tusken.

Gelokkich is der noch in oare manier om de Fryske Firefox yn te laden op dyn mobyl. Blêdzje derfoar mei dyn mobyl nei http://ftp.mozilla.org/pub/mozilla.org/mobile/candidates/14.0b2-candidates/build1/android/fy-NL/ en selektearje fennec-14.0b2.fy-NL.android-arm.apk.
Moast wol tastimming jaan om oare Apps as dy fan Google Play te ynstallearjen by de yntellingen. En dêrnei, sneupje mar rûn op it ynternet.

Brûkst Firefox ek al op dyn buro-PC of laptop, stel dan Sync yn om al dyn blêdwizers, skiednis, wachtwurden en iepen ljepblêden te syngronisearjen. Dit sil it blêdzjen op ynternet noch flugger meitsje.

Geen opmerkingen: