dinsdag 15 mei 2012

Thunderbird Go grab one !

Ast ea meiwurkje woe'st oan Thunderbird, DIT is dyn kâns!

Sûnt koart is it Thunderbird Up For Grabs programma lansearre. It idee is wurklik ienfâldich: der binne genôch funksjes dy't Mozilla tafoegje wol oan de Thunderbird roadmap, mar se hawwe spitigernôch net genôch minsken om se ree te meitsjen. Dus hawwe se besletten om se op in iepen plak te pleatsen, sadat elkenien wat útkieze kin om der oan te ûntwikkeljen. Ast dêrmei begjinst, sil'st gearwurkje mei it Thunderbird-team dy't dy stypje út en troch it hiele projekt.
En tink derom, dit is net allinnich foar ûntwikkelers. Elkenien kin hjir oan meidwaan mei syn eigen feardigens: fisueel ûntwerp, oersetting, kwaliteitsbehear, teste, dokumentaasje… Dit is dyn mooglikheid om ynfloed te hawwen en Thunderdbird te ferbetterjen.
Ast ea meiwurkje woe'st en net wit'st wêre te starten, dit is dyn kâns. Dus start no en grab one !

Geen opmerkingen: