zaterdag 29 november 2014

Oersetsprint grut sukses

Op freed 28 novimber is it slagge om mei in tal frijwilligers Facebook folslein yn it Frysk te krijen. Yn de oanrin nei dizze dei, wienen in grut oantal frijwilligers al drok dwaande west mei de oersetting en hienen wy de fereaske ~95% al helle. Op freed hawwe wy echt it lêste triuwke dien. Mei 7 minsken binne der yn 2 oeren tiid nochris 300 rigels oersetten en dêrmei is it persintaazje boppe de 99% kaam.
Dat wie neffens de oanwêzige meiwurker fan Facebook, Julian Müller, fier genôch om it Frysk út de bètaferzje te heljen en definityf aktyf te meitsjen op Facebook. It wie oan my de eare om wurklik op de knop te drukken om dit binnen it systeem fan Facebook. Dat hichtepunt is werom te hearren op Omrop Fryslân.

Frysk ynstelle?

Wolsto it Frysk ek ynstelle? Moai! Wês wis dat dit allinnich yn de browser wurket, dus (noch) net yn de app op de snoadfoan of tablet.
Hast de taalynstellingen fan dyn browser yn it Frysk stean, byg, yn de Fryske Firefox, dan nimt Facebook dat automatysk oer en krijst daliks it oanmeldskerm yn it Frysk. Is dat net it gefal en brûkst it oant no ta yn it Nederlânsk of Ingelsk, dan folget hjir in lytse hantlieding om it Frysk yn te stellen.
Koartsein: Oanmelde by Facebook > Instellingen > Taal > Frysk > "Wijzigingen opslaan". De ynterface sil daliks yn it Frysk ferskine.
No mei ôfbyldingen:
Facebook Instellingen
Selektearje rjochts boppe it meast rjochtse trijehoekje en út it útklapmenu Instellingen (Ned) of Settings (Ing)



Under de accountynstellingen stiet de opsje Taal en troch dêr op te klikken hast de kar om te wikseljen nei it Frysk










Letter folget noch in útlis oer hoe't der meiwurke wurde kin oan de oersetting.
Fertel it fierder mei #FryskeFB. Mei 'k wol oer!

maandag 10 november 2014

Fryske Facebook Oersetsprint

Hasto ek in Facebook-account? Praatsto Frysk en kinsto ek aardich Frysk skriuwe? Help dan mei mei it oersetten fan Facebook yn it Frysk op de Fryske Facebook Oersetsprint! Op freed 28 novimber probearje wy mei sa folle mooglik minsken it lêste part fan Facebook oer te setten yn it Frysk.

Facebook is al in skofke beskikber yn it Frysk, mar noch hieltyd allinnich as bèta-ferzje. It hat noch ien ekstra triuwke nedich om folslein yn it Frysk beskikber te kommen.

Dat moatte wy fansels mei-inoar kinne! Elkenien mei in Facebook-account dy’t Frysk skriuwe kin, kin meidwaan. Dat kin thús of wêr dan ek op ’e wrâld, salang’tsto mar in kompjûter of laptop hast mei ynternettagong. Mar do kinst ek mei oersette op de lokaasje yn Ljouwert dêr’t ik as lid fan it Fjoerfoks-team de Oersetsprint koördinearje.

Op freedtemiddei sille wy yn kafee Van Buren te set mei in team fan sa’n 15 oersetters. Wolsto dêr ek oanskowe foar de Oersetsprint? Jou dy op by my fia: fryskefb@gmail.com!

Doch mei en meitsje Facebook folslein pompeblêd-proof! Diel en retweet ús oprop en brûk it hekstek #FryskeFB!

Fryske Facebook Oersetsprint
- Datum: Freed 28 novimber 2014, tusken 13:30 en 16:30 oere
- Plak: kafee Van Buren (Stasjonswei 4, Ljouwert: tsjinoer it treinstasjon)

It evenemint fynt plak tagelyk mei in konferinsje oer meartaligens en sosjale media yn it neistlizzende Eden Oranje Hotel, sjoch op de webside foar mear ynformaasje.


Dit evenemint wurdt stipe troch Facebook, de Afûk, Fryske Akademy/Mercator en Mozilla.