Hasto ek in Facebook-account? Praatsto Frysk en kinsto
ek aardich Frysk skriuwe? Help dan mei mei it oersetten fan Facebook yn
it Frysk op de Fryske Facebook Oersetsprint! Op freed 28 novimber
probearje wy mei sa folle mooglik minsken it lêste part fan Facebook oer
te setten yn it Frysk.
Facebook is al in skofke beskikber yn
it Frysk, mar noch hieltyd allinnich as bèta-ferzje. It hat noch ien
ekstra triuwke nedich om folslein yn it Frysk beskikber te kommen.
Dat moatte wy fansels mei-inoar kinne! Elkenien mei in Facebook-account
dy’t Frysk skriuwe kin, kin meidwaan. Dat kin thús of wêr dan ek op ’e
wrâld, salang’tsto mar in kompjûter of laptop hast mei ynternettagong.
Mar do kinst ek mei oersette op de lokaasje yn Ljouwert dêr’t ik as lid fan it Fjoerfoks-team de Oersetsprint koördinearje.
Op freedtemiddei sille wy yn kafee Van Buren te set mei in team fan sa’n
15 oersetters. Wolsto dêr ek oanskowe foar de Oersetsprint? Jou dy op
by my fia: fryskefb@gmail.com!
Doch mei en meitsje Facebook folslein pompeblêd-proof! Diel en retweet ús oprop en brûk it hekstek #FryskeFB!
Fryske Facebook Oersetsprint
- Datum: Freed 28 novimber 2014, tusken 13:30 en 16:30 oere
- Plak: kafee Van Buren (Stasjonswei 4, Ljouwert: tsjinoer it treinstasjon)
It evenemint fynt plak tagelyk mei in konferinsje oer meartaligens en
sosjale media yn it neistlizzende Eden Oranje Hotel, sjoch op de webside foar mear ynformaasje.
Dit evenemint wurdt stipe troch Facebook, de Afûk, Fryske Akademy/Mercator en Mozilla.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten