dinsdag 9 december 2008

Mozilla Firefox 3.1 bèta 2 release

Mozilla hat wer in nije bèta fan Firefox útbrocht om te testen. Dizze kin ynladen wurde fanôf:
https://www.mozilla.com/en-US/firefox/all-beta.html
Natuerlik stiet de Fryske ferzje dêr ek wer tusken foar Windows, Linux en MacOS. Nije saken yn dizze ferzje binne û.o.:
  • Privee navigaasje: sneupje sûnder dat Firefox ek mar iets bewarret
  • maklik de lêste skiednis fuortsmite
  • nije Tracemonkey Javaskript motor
  • ferbettere Gecko motor foar flugger toanen fan websides
  • stipe foar
Mear ynformaasje is te finen op:
http://www.mozilla.com/en-US/firefox/3.1b2/releasenotes/

1 opmerking:

Fjoerfoks zei

Yn dizze ferzje ferskine by de ynstallaasje ferkearde tekens yn in pear skermen.
De û wurdt \u00EB en de ê wurdt \u00EA. Dit is inmiddels yn de folgjende ferzjes goed makke. It stiet de wurking fan Minefield fierder net tsjin.