woensdag 3 december 2008

Mozilla Manifesto

De Mozilla organisaasje hie my frege om it Manifesto bestân oer te setten. In tige dreech stik ast it earst trochlêst, mar dat wie foar my wol in útdaging. De Hollânske ferzje moast ek noch, dus dêr bin 'k earst mar mei oan de gong gien.
Normaal soest oer sa'n manifest net sa lang trochtinke, mar foar it oersetten lêst it kear om kear troch. En dan komst wol ta ûntdekking dat de ideeën fan Mozilla weardefol binne. Do krijst in goed byld fan wat de organisaasje útdrage wol.
Se dogge dat troch 10 basisprinsipes dy't neffens Mozilla belangryk binne foar de ûntwikkeling fan it Ynternet. Ek wurdt der praat oer it útdragen fan dy ideeën, dit blogpost is der ien fan.
It manifest kinst trochlêze op:
http://www.mozilla.org/about/manifesto.fy-nl.html

Geen opmerkingen: