vrijdag 12 december 2008

Mozilla docht ûndersyk "yn it Frysk"

De Mozilla organisaasje wol graach witte hoe't Firefox it docht yn Nederlân. Derfoar ha se in fragelist online setten mei fragen oer it gebrûk fan Firefox, de bekendheid en û.o. it merk Mozilla.

Dizze fragelist is folslein yn it Frysk, sawol de útlis as de fragen. De sammele resultaten sille publisearre wurde, mar der wurdt gjin persoanlike ynformaasje bewarre of publisearre. It nimt net mear as 5-10 minuten tiid. Ek as jo gjin Firefox brûke kinne jo de fragelist ynfolje.

De fragelist is te finen op:
http://surveys.mozilla.org/?id=16&plocale=fy-NL

Geen opmerkingen: