woensdag 9 december 2009

Thunderbird 3.0 is klear!


Stjoer it rûn!

Mozilla Thunderbird hat ferzje 3.0 beskikber makke op harren webstee. En it moaiste dêrfan is dat der no ek in Fryske oersetting is. De Fryske ferzje is fan no ôf op 3 plakken yn te laden. As dyn browser yn it Frysk is, byg. Firefox of Opera, ienfâldich fia de webside fan Mozillamesaging.com. De twadde mooglikheid is de oersichtside mei alle talen en de tredde is de Fryske side.

Tegaar mei Hindrik Sijens hawwe wy in pear moannen dwaande west om alle bestannen oer te setten. Dêrneist hawwe wy noch in tal online bestannen makke, bugs melden, de Fryske kalinder foar Sunbird/Lightning makke en Thunderbird testen, testen en testen fan ôf de earste saneamde nightlies. Wy hawwe no sels al nije taalwizigings dy't no noch net yn de 3.0 ferzje sitte, mar yn 3.0.1 komme. Lytse flaterkes dy't entûsjaste brûkers oan my melden hawwe. En sa heart it ek, tegaar dit produkt meitsje en ûnderhâlde, hielendal neffens it Iepen Boarne model. Hast ek noch wat taalbonkjes fûn? Reagearje dan op dit artikel of stjoer in e-mail nei fryskefirefox at gmail.com.

De haadpunten fan de nijste ferzje binne al earder besprutsen en kinne jo yn âldere artikels weromlêze. Koart gearfetten binne dit se:
* beskikber yn 49 talen wêrûnder it Frysk
* e-mail en sykresultaten yn ljepblêden
* nije sykmooglikheden
* nij argivearsysteem
* ferbetterings foar brukers: haadbalke is fersimpele, nije sykwidget, nije manier om jo e-mailaccount yn te stellen, tûke mappen, aktiviteitenbehearder, ien-klik adresboek en bylagewerinnering

Stjoer it rûn!

Geen opmerkingen: