dinsdag 21 oktober 2008

Earste alfa-ferzje Fennec


De earste alfa-ferzje fan Mozilla Fennec is beskikber en kin ynladen wurde fanôf de side fan Mozilla. Op dit stuit is dizze ferzje allinnich geskikt foar de Nokia N810 Internet Tablet mei OS2008, mar se ha der ek foar soarge dat it programma op in kompjûter draaie kin mei Windows, Linux of MacOs troch gebrûk te meitsjen fan XULrunner. Op de pc rint it wat oars, byg. de skowknop fan de mûs skowt de side net, mar sil yn- of útzoome op de side. Om de side te skowen moast mei links klikke en nei ûnder of boppe sleepje. Fierder wurket it wol hiel fluch. Flash is op dit stuit noch útskeakele troch wat problemen.
Oare talen binne noch net beskikber, de planning is dan ek aardich rom, 2010 moat it klear wêze. Toch haw ik in lytse poging dien om it oer te setten, sjoch derfoar de ôfbylding hjirboppe.

Geen opmerkingen: