woensdag 8 oktober 2008

Mozilla Mobyl mei Fennec

Mozilla sil ynkoarten komme mei de earste alfa-ferzje fan Fennec, de ferzje fan Firefox foar mobyltsjes.
Soe my wol moai talykje as dy ek yn it Frysk beskikber komme kin. Der binne al plannen om it programmaatsje beskikber te meitsjen yn de saneamde "repositories", sadat elkenien dy't ferantwurdlik is foar syn taal, de oersetting meitsje en oplade kin. As it sa fier is, dan sil ik hjir wer oer blogge.
De namme Fennec sil letter Firefox mobile wurde.

Geen opmerkingen: