dinsdag 21 oktober 2008

EU MozCamp 2008 Barseloana

MozCamp 2008Foarige wike haw ik in útnoeging krige om del te kommen yn Barseloana foar in konferinsje organisearre troch Mozilla.
Sa bin ik einlik yn de gelegenheid om de minsken te moetsjen dy't ik oant no ta allinninch fia e-mail en chatsesjes moette haw.
Der sil praat wurde oer de ûntwikkelings fan de ferskate programma's fan Mozilla, de sytemen dy't brûkt wurde om de programma's oer te setten en de kwaliteit. Sels bin ik benijd nei hoe't it giet mei Thunderbird en Calendar, omdat wy op it punt steane om dy yn it Frysk oer te setten.
Oare wike in ferslach fan dizze reis......

Geen opmerkingen: