Wat in geweldich barren wie dit. It wie ien grutte miks fan ferskate persoanlikheden oeral út Europa en Amearika. Der wienen ûntwiklers, minsken fan QA (kwaliteit) en oersetters út hast alle Europeeske lannen. Sa haw ik einlik byg. de oersetter fan de Nederlânske ferzje Tim Maks foar it earst moette. Mar der wienen noch mear Hollanners, 1 ûntwikler, 1 temamakker en 1 fan QA fan Mozilla. En wy hawwe plannen mei namme foar it kennissintrum. Wy wolle graach ien grut sammelplak hawwe wêr't minsken help krije kinne, mar ek ynformaasje oer Mozilla en byg. iepen boarne. Wurd ferfolge....
Wy hawwe presintaasjes hân fan minsken fan Mozilla, frijwilligers en oare leafhawwers. En dat is wol in ding wat elkenien lyk hat: de leafde foar dizze iepen boarne organisaasje. It is unyk te neamen dat sa'n protte minsken, dy't inoar hast noait moete hawwe, allegear gearwurkje kinne.
Wy hawwe ek diskusjes hân mei de ûntwiklers fan de ferskate programma's lykas Thunderbird. Ik haw al in pear leuke dingen sjoen foar ferzje 3, byg. konfersaasjes wèrjaan op in tiidbalke en it gebrûk fan ljepblêden mei E-mail, aginda en taken.
Der wie in brainstormsesje mei de belangrykste minsken fan Mozilla oer de doelen foar 2010. Dan krijst echt it gefoel mei te wurkjen oan de takomst fan it ynternet.
Ik kin tink noch wol in pear blêden delskriuwe, mar ik li it earst hjirby. Ast benijd bist kinst hjirûnder wol opmerkings pleatse. Foar de Ingelsktaligen komt der noch in nij berjocht mei wat foto's en keppelings. Der stean ek al ferskate foto's op de Spaanske mienskipside.
Wolst sels soks ris meimeitsje, de earstfolgjende gearkomste is op FOSDEM ein febrewaris yn Brussel.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten